Stimronde foar It Moaiste fan Fryslân úteinset

24 maaie 2017 - 06:00

Der set woansdei in stimronde útein by de ferkiezing fan It Moaiste fan Fryslân. De ôfrûne moanne hat it publyk de kâns hân om harren moaiste plak of gebou fan Fryslân te nominearjen. Uteinlik binne der 272 nominaasjes binnen kaam. In sjuery hat dêr nei sjoen en der binne 50 plakken en gebouwen fan oerbleaun. Dat wie net maklik neffens Bauke Tuinstra, ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt. "De sjuery hie it hiel dreech by it kiezen", sa seit Tuinstra.

Tegearre mei de 50 plakken en gebouwen dy't de sjuery al nominearre hie, foarmje dy de 100 moaisten fan Fryslân. Foar de simmer bliuwe de 10 moaisten oer en dêr wurdt yn novimber It Moaiste fan Fryslân fan keazen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)