FIDEO: Iepenloftspul fan Opsterlân set útein

Mei it stik 'De Lytse Prins' yn Opsterlân set hjoed it Fryske iepenloftspulseizoen fan 2017 útein. Basearre op it meast fertaalde boek út de Frânske literatuer: 'Le Petit Prince'. De Lytse Prins wurdt op de Bosheuvel yn Beetstersweach opfierd en sit grôtfol dûbele boadskippen oer it folwoeksen libben.
It ferhaal spilet him ôf yn de bosk fan Opsterlân, dêr't in piloat fêstrûn en ferdwaald yn it libben is. Al dy gelearde, grutte minsken dy’t sa goed wisten wat goed foar him wie doe’t hy noch bern wie. Sy hawwe derfoar soarge dat hy himsels folslein kwytrekke is. Dan samar ynienen is dêr de Lytse Prins... Hy nimt de piloat mei op in reis troch de stjerren. Dêr moetsje sy folwoeksenen dy’t har op ien of oare manier altyd wer te spot meitsje. Klik hjir foar mear ynformaasje en de spyldata fan De Lytse Prins.
Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.