Foar 2050 noch gjin nije brêgen yn de Ofslútdyk
It duorret noch wol seis jier foardat de beweechbere parten fan de brêgen yn de Ofslútdyk ferfongen wurde. Dat seit in wurdfierder fan Rykswettersteat. De folsleine brêgen, ynklusyf de fundearringen, sille foar 2050 net ferfongen wurde.
Moandei noch sei Rykswettersteat dwaande te wêzen mei plannen om de brêgen te ferfangen. Nije brêgen soenen de iennige manier wêze om foar te kommen dat de brêgen fêstrinne. De waarmte soarget foar in protte steuringen yn de Ofslútdyk.
Fertraging
Tiisdei wienen der de hiele dei noch fertragingen by de brêge fan Koarnwertersân. Ferkear fan en nei Noard-Hollân moast oer ien en deselde brêge ride, omdat de oare brêge fêstrûn wie. Neffens Rykswettersteat kaam dat troch de waarmte.