Amelanner seedyk asfaltearre mei wc-papier

Asfalt makke fan skytpapier © Wetterskip Fryslân
Wetterskip Fryslân hat moandei op de seedyk by It Amelân in strook asfalt stoart, weryn't stoffen út ôffalwetter ferwurke binne. It giet om de stof selluloaze, dy't wûn wurdt út wc-papier. It stoarten fan de strook asfalt wie in test, om te sjen oft it asfalt foldocht oan de feilichheidsnoarmen. Neffens Rykwettersteat is dat it gefal.
Yn septimber ferline jier waard der by Jelsum ek al in proef dien. Dêr waard doe in fytspaad oanlein mei help fan de stoffen út wc-papier.