''Feanster supporters hienen ek ferfolge wurde moatten''

Plysje en justysje hawwe har skuldich makke oan 'thúsfluiterij', om't se by de supportersrellen twa jier lyn hast allinne mar Grinzers oppakt hawwe. Dat sizze de advokaten fan de fuotbalfans út Grins dy't tiisdeitemoarn en woansdeitemoarn foarkomme moatte. Twa jier lyn gongen supporters fan SC Hearrenfean en FC Grins mei-inoar op de fûst nei in wedstriid yn it Abe Lenstrastadion.
"Groningers zijn in de pan gehakt''
Neffens de advokaten hienen de Feansters dêr in grut oandiel yn. ''De Groningers zijn in de pan gehakt, terwijl de Heerenveners het alleen maar fijn vonden om lekker te mattten'', sa sizze se. Se fine dat it proses op it stuit net earlik ferrint en wolle dat de rjochtbank de fertochten net ferfolget.
De offisier fan justysje reagearre pikearre op de krityk. Neffens him hawwe de Grinzers sels de konfrontaasje socht. De saak tsjin de manlju giet dêrom gewoan troch.
Yn earste ynstânsje hie de plysje 23 minsken oanhâlden, fan har moatte der alve tiisdei en woansdei foarkomme. Yntusken is tsjin ien fan har fjouwer moanne sel easke, trije oaren hearden trije moanne sel tsjin har easkje.