Alvestêdekuiertocht foar de 71e kear los

Goed 600 kuierders binne sûnt tiisdeitemoarn ûnderweis foar de earste etappe fan de Alvestêdekuiertocht. Se rinne hjoed fan Ljouwert nei Sleat. Dat is mei hast 50 kilometer de langste etappe dy't der by sit. Nei it spyljen fan it Frysk folksliet klonk it startskot om sân oere.
De organisaasje ferwachtet eltse dei noch nije kuierders. Je kinne bygelyks ek ien dei of trije dagen meidwaan. Mei troch it moaie waar kinne der noch wol sa'n 300 rinners bykomme. De nije estafettefoarm foar bedriuwen slacht noch net oan.