Spesjale aktiviteiten foar dôven mei Kulturele Haadstêd

Minsken mei in beheining wurde al op ferskate wizen temjitte kaam as it giet om Kulturele Haadstêd 2018. Tink mar oan it plan fan de hop-on hop-of buskes. In groep dy't op in bepaalde wize ek beheind is, en dy't ek spesjaal omtinken krijt is de dôvemienskip. Hoor Friesland en de organisaasje fan Kulturele Haadstêd binne yn petear oer it organisearjen fan spesjale aktiviteiten foar dôve minsken. Hichtepunt dêrfan is de organisaasje fan de WereldDovenDag yn Ljouwert.
''Het is geweldig dat we deze dag naar Leeuwarden kunnen halen'', sa fertelt direkteur Jeroen Dijkstra fan Hoor Friesland. ''Er worden tweeduizend doven verwacht op de WereldDovenDag. De hele dag worden er workshops en speciale lezingen georganiseerd.''