ChristenUnie wol elektryske auto's foar âldereinferfier

De ChristenUnie yn Ljouwert is der fan oertsjûge dat it plan om takommend jier mei de Kulturele Haadstêd elektryske auto's yn te setten foar it ferfier fan âlderen en minsken mei in beheining slagje sil. Moandeitejûn waard it plan presintearre oan de Ljouwerter polityk. De gemeente is nedich om de plannen mooglik te meitsjen en fergunningen ôf te jaan.

Jild wurdt fan de gemeente net frege. It plan moat him sels bedrippe. Belangstellende koenen moandeitejûn in proefrit yn de elektryske auto troch de Ljouwerter binnenstêd meitsje. It doel is om de auto's ride te litten neffens ít útgongspunt 'hop-on hop-off': minsken kinne yn- en útstappe dêr't it harren it bêste útkomt.