Partij v/d Dieren docht mei oan riedsferkiezings Ljouwert

22 maaie 2017 - 17:52

De Partij voor de Dieren docht yn novimber mei oan de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert. De kandidatelist is fêststeld op it partijkongres fan de partij, dat snein plakfûn yn Doorn. Caroline de Groot út Warten sil de list fan de Partij voor de Dieren lûke. It wurdt de earste kear dat de partij besiket om by gemeenteriedsferkiezings yn Fryslân in sit te heljen. De partij krige by de Twadde Keamerferkiezings fan maart 4,4 % fan de stimmen yn Ljouwert. Dat is neffens de partij genôch foar in sit yn de gemeenteried. 

De kandidatelist bestiet út njoggen kandidaten dy't sawol út de stêd as út de omlizzende doarpen komme. Listlûker Caroline de Groot wie oant foar koart offisier fan justysje en wie de ôfrûne twa jier yn Fryslân warber yn de striid tsjin de hobbyjacht. Op nûmer twa stiet Tamara Kloosterman, en op nûmer trije stiet Gerrit Das. Yn de gemeenteried fan Ljouwert wol de Partij voor de Dieren opkomme foar in 'grienere en leefbere gemeente foar minsk en bist'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)