De N359 by Hilaard is de kommende jûnen en nachten ticht

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De krusing op de N359 by Hilaard is de kommende jûnen en nachten ticht. Der wurdt in nije asfaltlaach oanbrocht. De dyk is moandeitejûn, tiisdeitejûn en woansdeitejûn fan 19.00 oere oant 06.00 oere de folgjende moarn ôfsletten.
Ferkear wurdt oanret om te riden oer Dearsum (N384 en N354) en de A32. Fytsers en fuotgongers kinne wol gewoan fan it krúspunt gebrûk meitsje.