Ljouwerter dielt klap út yn kafee en wurdt oanhâlden

De Grutte Heechstrjitte yn it sintrum fan Ljouwert © Google Street View
Yn de Grutte Heechstrjitte is sneontenacht in Ljouwerter (20) út in hoarekasaak set, omdat er slein hie. De man wie dwers tsjin de plysje. Omdat er him net legitimearje woe, waard er oanhâlden.

Letter die bliken dat de man dochs yn it besit wie fan in ID-kaart. De man krijt proses-ferbaal.