Ljouwerter driget mei mes yn Bilgaard
De plysje hat sneontejûn in 28-jierrige Ljouwerter oanhâlden fanwege bedriging mei in mes. De man soe oaren bedrige hawwe oan De Kei yn de wyk Bilgaard. De plysje koe dêr fuortendaliks de fertochte oanhâlde. Dy wie yndie yn it besit fan in mes.
By de oanhâlding fûn de plysje ek noch in stikmannich oare messen.