FIDEO: Tsjûge oerfal op kafee Overwijk op De Tynje fertelt

De dei nei de oerfal op De Tynje. It plande feest giet gewoan troch en der sil iel rikke wurde, mar de skrik sit der noch goed yn. "Myn alderearste gedachte wie dat twa grappemakkers binnen wienen, dy't tochten we helje even in geintsje út " seit kok Peter Verweij fan kafee Overwijk. Mar it wie gjin geintsje. De bivakmûtsen en fjoerwapens wiene echt, en de dieders naaiden út mei de deiopbringst út de kassa.
Yn it ramt fan it ûndersyk is de plysje op syk nei tsjûgen fan de oerfal. Ynformaasje is wolkom op telefoannûmer 0900-8844 of anonym op 0800-7000.