Dieven rôvje felgen fan 21 auto's by garaazje
By in autobedriuw oan de Jupiterwei yn Ljouwert binne freedtejûn of freedtenacht felgen stellen. It giet om de felgen fan 21 auto's dy by it bedriuw stienen. Diels binne it nije auto's en diels healsliten auto's. De plysje hat noch gjin idee fan de dieder of dieders.
Wa't mear wit wurdt frege om kontakt mei de plysje op te nimmen.
Wa't mear wit wurdt frege om kontakt mei de plysje op te nimmen.