Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys nei finale NK

19 maaie 2017 - 22:53

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe de finale foar it Nederlânsk kampioenskip helle. De froulju wûnen de beslissende wedstriid yn de eigen sporthal yn Drachten tsjin Nieuw Roden nei penaltys. Krekt foar rêst skoarde Atty Eelkema. Nei njoggen minuten spyljen yn de twadde helte kaam Nieuw Roden op likense hichte troch Martine Kooiker. Nei twa kear tweintich minuten spyljen kaam der in ferlinging. Mariel Miedema makke nei twa minuten 1-2.

Penaltys

Lang like it derop dat Nieuw Roden de finale helje soe, mar mei noch oardel minút te spyljen waard it lyk troch Marian Meijer. Penaltys moasten de beslissing jaan. De earste penalty fan Nieuw Roden gong mis en Drachtster Boys kaam op 2-1, wêrnei Esther van Toledo de winnende makke.

Troch de oerwinning kaam Drachtster Boys yn dizze 'bêste fan trije' op in beslissende 2-1 foarsprong. De earste wedstriid hienen se mei 3-1 wûn en de twadde mei 4-0 ferlern, wêrtroch der noch in beslissende tredde wedstriid nedich wie. Yn de kompetysje einige Drachtster Boys op in dield twadde plak.

Tsjinstanner finale: Pernis

Yn de finale moat de ploech fan trainer Symen Abe Hoekstra it no opnimme tsjin Pernis. Dy ploech einige yn de kompetysje as earste en wûn ek nei trije duels fan FC Gelre.

Earste finale

It is foar Drachtster Boys de earste kear dat se de finale helje om de Nederlânske titel. Earder wienen se al in pear kear hiel tichtby de finale. Dit jier wûn Drachtster Boys de beker, troch ek te winnen fan Nieuw Roden. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)