Toanielspilers ûntfange sertifikaat as soarchakteur

19 maaie 2017 - 22:30

Yn Ljouwert hawwe 24 amateurtoanielspilers in sertifikaat krigen as soarchakteur. Dy binne útrikt troch Teäterburo VEDER út Amsterdam. Sy binne spesjalisearre yn it kontakt meitsjen mei minsken mei in geheugenprobleem: demintearjenden en minsken mei Alzheimer. It giet om in lanlike pilot dy't yn Fryslân foar it earst útrôle wurdt.

De akteurs operearje yn lytse groepkes yn ferskate soarchynstellings. It doel is: al spyljend kontakt meitsje mei âlderen mei problemen mei it ûnthâld. Teäterburo VEDER wol yn 2018 in Europeesk sympoasium hâlde yn Ljouwert oer it teatraal omgean mei demintens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)