Cees van Mourik wol fan FNP de grutste partij meitsje

19 maaie 2017 - 21:48

Cees van Mourik is freedtejûn beneamd ta nije foarsitter fan de FNP. Van Mourik wie al foarsitter by de ôfdieling Súdwest-Fryslân. De 69-jierrige Gaastmarder komt út de sakewrâld, mar wie dêrneist al jierren polityk aktyf. Earst foar de VVD, letter waard dat de FNP. Syn nije funksje nimt hy oan mei ien betingst: as de FNP net like sterk bliuwt by de kommende gemeentlike en provinsjale ferkiezingen, stapt hy op. "Ik bin gjin plucheplakker. En as foarsitter binne je ferantwurdlik foar alles. Wat der bart en hoe't it bart."

Neffens Van Mourik hat de FNP de potinsje om de grutste partij fan Fryslân te wurden. "In sosjalist is ek in Fries, in liberaal is ek in Fries en in bisteleafhawwer is ek in Fries. Us doelgroep is Fryslân.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)