Twa Fryske bakkerijen te smoarch foar NVWA

© ANP
Yn Fryslân wie tusken 2013 en 2016 by twa bedriuwen wat mis mei de hygiëne of de feilichheid fan it iten. Dat blykt út sifers dy't RTL Nieuws by de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) opfrege hat. Yn hiel Nederlân giet it om 200 bedriuwen dêr't wat mis wie, yn Fryslân gie it spesifyk om twa bakkerijen dy't smoarch wienen.
In wurdfierder fan de NVWA kin net ferklearje hoe't it kin dat der yn Fryslân mar in pear bedriuwen ûnder ferskerpe tafersjoch pleatst binne, wylst dat der yn Hollân folle mear binne, al tinkt er net dat dat komt trochdat der yn Fryslân folle minder ynspekteurs oan it wurk binne.
"Wij komen wel degelijk ook in Friesland," seit Tjitte Mastenbroek fan de NVWA, "al hebben we wel wat meer inspecteurs in het Westen. Daar wonen meer mensen, en zijn ook meer horecabedrijven.''