FIDEO: Foarstelling fan foarstellingen is ek in foarstelling

19 maaie 2017 - 20:01

Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert binne alle manifestaasjes fan it Kulturele Haadstêd-projekt Under de Toer presintearre. It binne ferhalen dy't op de ien oft oare manier wat te krijen ha mei ien fan de Fryske tsjerken. Soms religieus, soms ek hielendal net. Inisjatyfnimmers binne Jos Thie, Tamara Schoppert en Bouke Oldenhof.

It skeinde grêf fan Maria Louise

Der wiene 87 oanmeldings fan tsjerken mei in eigen ferhaal. Hjirfan binne 30 keazen út de doarpen en 2 út de stêd Ljouwert. Yn de Grutte Tsjerke wurdt it ferhaal fan it skeinde grêf fan Maria Louise ferteld. Yn Harns komt in teäterbelibbing oer de see. En yn Drylts komt in muzykteäterstik by de lokaasjes fan eardere en besteande tsjerken mei de namme Frijtinker.

De presintaasje fan de 32 manifestaasjes wie in foarstelling op himsels, lieden troch aktrise Tamara Schoppert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)