GrienLinks bliuwt hammerjen op temperatuergegevens REC

19 maaie 2017 - 19:10

De steatefraksje fan GrienLinks wol witte op hokker temperatuer de ôffaloven yn Harns de ôfrûne twa jier stookt hat. Steatelid Retze van der Honing wol sa in in folslein byld krije fan it ferbrâningsproses. Hy hat earder ek al om de gegevens frege, seit er, mar de provinsje woe dy doe om jurydyske redenen net jaan. Van der Honing fynt dat ûnakseptabel, ûnder oare omdat der hieltyd steuringen binne by de REC.

"Oare ôffalferbrâningsovens stelle sokke gegevens wol beskikber," seit er. "Offalferwurker Omrin en it provinsjebestjoer moatte net de yndruk wekke dat se wat te ferbergjen hawwe."

Trefwurden: 
REC ôffaloven Harns GroenLinks
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)