Fet drok by Ljouwerter frituerfestival

19 maaie 2017 - 18:24

It like in grap, mar it waard in sukses: it earste Ljouwerter Frituerfestival. Njonken de bekende bitterballen, nierbroadsjes en kroketten koenen gasten ek yn 'e kunde komme mei in keur oan nije produkten. Wat te tinken fan de halal-döner-frikandel, de pikant frituerde blomkoal-roaskes of de Eindhovense rendang- en paardenzuur-kroket. De saneamde 'foodfestivals' wurde hieltyd populêrder mar stelle eins altyd eksklusive hapkes sintraal. Dit festival wie krekt bedoeld as oade oan de Nederlânske snack en waard organisearre troch 'De Bruine Fruitschaal'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)