Nynke Rixt Jukema: ''Kulturele Haadstêd is in oaljetanker''

Nynke Rixt Jukema
It giet Nynke Rixt Jukema wer foar de wyn. Har projekt ‘Feel the Night’ heart net mear by Kulturele Haadstêd, mar it giet wól troch, yn binnen- en bûtenlân. Jukema is bliid dat se fierder kin, mar se hat in dreech jier achter de rêch.
Troch Karen Bies / Finster op Fryslân
Maart 2016. Yn popsintrum Neushoorn wurdt bekendmakke watfoar projekten jild krije fan Kulturele Haadstêd. Arsjitekte en ûndernimmer Nynke Rixt Jukema heart dat der foar ‘Feel the Night’ - de beskerming fan it tsjustere lanskip fan Fryslân - hast neat oerbliuwt.
Nynke Rixt Jukema: "Ik hie alle subsydzjeoanfragen al skreaun. Yn myn begrutting rekkene ik op in bydrage fan tsien persint fan de Kulturele Haadstêd. Mar ik krige it net. Se seine: "Oaren kinne wol in part fan dyn plan oernimme. De fûnsenwerving dogge wy." Der wie allinnich noch jild foar I-land, de nachtelike teäterproduksje fan Peer Group. Mar dat wie mar ien ûnderdiel út ‘Feel the Night’."
In grutte tsjinfaller. "Alles rûn al! Ik wurke mei Keunstwurk, Landschapsbeheer, doarpen, provinsjes, Europa. Dêr waard no samar it fûnemint ûnder wei helle. Dus dan hâldt it op." Se lûkt har projekt werom en moat har team fan trije minsken dien jaan. Nynke Rixt is djip teloarsteld. Mei grutte idealen hie se oan de basis stien fan it bidbook foar Kulturele Haadstêd. Dy jûn yn maart stie se bûtendoar op it Ruterskertier mei lege hannen.
Do hast noch praat mei Lieven Bertels, de direkteur fan de stichting LF2018.
Ik sei: "Ik kin dit toch net frijwillich dwaan. Ik moat ek libje." Mar hy sei dat ik it as in ynvestearring yn mysels sjen moast. Ik hie der doe al fjouwer jier oan wurke. ‘Feel the Night’ wie foar Ljouwert in úthingboerd om Kulturele Haadstêd binnen te heljen. Ik leaude der yn. En ik wie goed fan fertrouwen. As ûndernimmer moatst altyd fan tefoaren ynvestearje yn projekten. Ik tocht: se betelje my wol, dat ha wy ommers ôfpraat? En no waard ik samar oan de kant skood. Ik fielde my naaid."
Wat wiene dyn ferwachtingen dan?
"Yn 2010 giene wy mei de wurkgroep foar Kulturele Haadstêd nei Dútslân. De artistyk lieder wie doe Henk Keizer. Hy frege yn de bus oan elkenien: "Hoe oud zijn jullie eigenlijk in 2018?" De bus siet fol mei minsken dy’t dan al yn de sechstich wêze soene. Wy seine tsjin elkoar: "Foar dy minsken meitsje wy Kulturele Haadstêd dus nét. Jongeren moatte de kâns krije har te ûntwikkeljen."
Watfoar jier hast achter de rêch?
"Ik woe fuort. Wat haw ik hjir yn Fryslân te sykjen, tocht ik. Ik kin my folle better ergens oars nuttich meitsje. Myn libben moast wer op oarder komme. Ik hie dochs de helte fan myn tiid yn ‘Feel the Night’ stutsen. En boppedat hie myn arsjitekteburo te lijen hân fan de krisis yn de bou. Ik krige wol opdrachten, mar der waard net folle realisearre."
Hoe gong it fierder mei ‘Feel the Night’?
"Gelokkich wiene der minsken dy’t der yn leauden. It ‘Programma naar een Rijke Waddenzee’ socht my op. Yn oktober 2016 ha wy mei 43 organisaasjes in ferklearring tekene. It doel is in Dark Sky Werelderfgoed Waddenzee."
It útfieringsprogramma fan ‘Feel the Night’ en ‘Programma naar een Rijke Waddenzee’ is no krekt klear. Der komt in kongres yn 2018, kuiers by nacht en pilgrimrûtes. Oan de kust wurde ‘starbarns’ boud, dêr’t je nei de stjerren sjen kinne. Der wurde nachttunen ynrjochte, mei planten en bisten dy’t nachts ta libben komme. En der komme Dark Sky Communities yn Europa: doarpen dy’t har sterk meitsje foar it tsjuster. Yn oktober is der in sympoasium mei de Waddenakademy oer stilte en tsjuster yn it Waadgebiet. Lêzingen oerdeis, en nachts mei syn allen sjen nei de stjerrehimel.
Nynke Rixt: "It giet dus op it momint geweldich goed! Entûsjaste minsken en in programma oant en mei 2020, dêr’t wy in soad mei berikke kinne."
Wêrom fynsto it belangryk dat minsken fan it tsjuster hâlde?
"By myn stúdzje arsjitektuer learde ik allinnich mar oer ljocht. Mar doe’t ik hearde dat Fryslân de provinsje wie mei de minste ljochtfersmoarging, seach ik kânsen foar it tsjuster. Ik ha my ferdjippe yn de âldheid en hoe’t de folken doe seagen nei sinne en stjerren. Se fielden har ûnderdiel fan har omjouwing. Minsken fan no soene dat ek kinne. Mei ‘Feel the Night’ set ik de kwaliteiten fan it lânskip - romte, stilte, tsjuster, fruchtberheid, frisse lucht - op wearde. As minsken belibje hoe moai as de nacht is, binne se der net bang foar, mar sjogge se de rykdom. Dan sille se har bêst dwaan foar it lânskip."
Do wiest fan it begjin ôf belutsen by it bidbook foar Ljouwert Kulturele Haadstêd. Hoe fynst dat LF2018 der no foar stiet?
"Ik hie fan de sjoernalistyk mear diskusje ferwachte oer de fraach: gean we mei Kulturele Haadstêd wol de goede kant op? Kritysk nei dysels sjen is ien fan de dingen yn it bidbook dêr’t Ljouwert it mei wûn hat. Wy binne in nije generaasje mei eigen ideeën. Wy soene leare fan oare minsken, bygelyks út it bûtenlân. Mar no is it: wy moatte dwáán sa as oaren. Ideeën fan boppe-ôf wurde ús oplein. Lykas de fonteinen. Of de grutte reuzen fan Royal de Luxe út Frankryk. Dy binne al sa âld. Se hawwe oeral al west, en no sille se nochris hjirhinne komme. Dêr is Kulturele Haadstêd dochs net foar! Wat hat dat no mei de kwaliteit fan Fryslân te meitsjen? Wat is de bining mei ús kultuer of lânskip? Kulturele Haadstêd is aanst net mear as in festival mei eveneminten, dêr’t minsken in kaartsje foar keapje kinne."
Kulturele Haadstêd giet oer de takomst fan Fryslân. Do bist idealistysk. Wat is der misgien?
"Wy hiene grutte idealen doe’t we begûnen. Mar doe’t der jild kaam, waarden minsken arrogant. De kreativiteit wie nul, mar as rôffûgels pikten se op de plannen. Foar de útfierders, de minsken dy’t it echt dwaan moasten, wie gjin jild.
It is dreech om dit ferhaal te fertellen. Foar oaren ek, want elkenien yn Fryslân hat in belang by Kulturele Haadstêd. Keunstners en produsinten wolle seker witte dat se it finansjeel rûn krije kinne."
Fielst dy ferantwurdlik, omdatst sels meiskreaun hast oan it bidbook?
"Dat bidbook ha wy betocht yn Harns, oan board fan in skip fan de brune float. Dat wie symboalysk. Ik seach de Kulturele Haadstêd as in sylskip. Wy woene in sylskip bouwe en mei-elkoar de koers bepale. In sylskip kinst mei de hân manoeuvrearje, it giet mei de wyn mei, it feroaret mei de tiidgeast. Mar wat ha wy krigen: in oaljetanker, dy’t net foar of achterút kin. In swiere organisaasje, dêr’t elk syn baan en syn belang hat. Dy oaljetanker moat rinnen bliuwe en hat brânstof nedich. Oars hâldt it op.
As ik oan dy jûn yn Neushoorn weromtink… Ap Timmermans wie it meast resolút. Doe’t hy hearde dat syn projekt ‘Mata Hari’ skrast waard, stapte hy daliks op. Ik woe ek resolút wêze. Ik woe mei syn allen nei bûten, om mei elkoar it skip te kearen. Mar dat gong net. Elkenien is ommers bang foar syn eigen hachje. Sa wurket it. No komt der hyltyd mear krityk.
Witst, mei my giet it goed. Ik bin bliid dat ik selsstannich fierder kin, ek sûnder Kulturele Haadstêd. Mar it giet net om my. It giet der om dat dat sylskip der net kommen is."
Dit ynterview stiet ek op de webside fan Finster op Fryslân. It is it earste yn in rige ynterviews mei minsken dy’t fan it begjin ôf belutsen wiene by de ideeën foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Folgjende kear: Klaas Sietse Spoelstra.