Jan van Olffen nimt yn novimber ôfskied fan gemeenteried

19 maaie 2017 - 16:51

Nestor Jan van Olffen yn de gemeenteried fan Ljouwert komt dêr nei de gemeenteriedsferkiezingen fan novimber net yn werom. Hy wol net noch in perioade yn de ried, hat er sein. De 75-jierrige Jan van Olffen hat mear as tritich jier yn de gemeenteried sitten. Oant fjouwer jier lyn wie dat foar de PvdA.

Hy stapte út dy partij omdat dy him net op de list foar de gemeenteriedsferkiezingen sette. Dêrnei slute er him oan by Verenigd Links. Dy partij skoot no Addy Stoker nei foaren as listlûker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)