Gjin bewiis foar opsetlike oanriding Dokkumer

19 maaie 2017 - 16:23

Justysje kin net bewize dat de 83-jierrige Dokkumer dy't ferline jier syn buorman oanried, dat mei opsetsin dien hat. De man wurdt dêrom gjin moard of deaslach ta lêst lein, sa die freed bliken by de sitting. Justysje fynt wol dat de man hiel ûnfoarsichtich riden hat. De fertochte ried it slachtoffer ferline jier maart mei syn auto oan, doe't er him tsjinkaam op de fyts. De twa soenen al tsientallen jierren spul mei elkoar hawwe. 

De offisier fan justysje easket in finzenisstraf dy't lyk is oan de tiid dat de fertochte yn foararrest sitten hat. Ek mei er trije jier net ride. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)