Freedsmerk: "In plysje hat in pet op en gjin doekje"

Om mear moslimfroulju by de plysje te krijen, soe it goed wêze dat se in holledoekje drage meie by it unifoarm. Dat stelde de Amsterdamske plysjesjef Pieter-Jaap Aalbersberg fan 'e wike en dat smiet fuort in soad reaksjes op. "In plysje hat in pet op en gjin doekje", wie de teneur op de Ljouwerter freedsmerk. "De plysje moat ûnôfhinklik wêze en dat ek útdrage" en "In unifoarm is in unifoarm, klear", sa waard der sein.
Hjir en dêr rôp de diskusje sels argewaasje op: "Se kinne alles wol wolle, mar dit is Nederlân en hjir jilde ús gedrachskoades. Ik bin der wol in bytsje klear mei dat se fia de efterdoar altyd mear wolle." In oare besiker fan de merk stelde: "Kerk en staat zijn hier gescheiden, dus iedere uiting van geloofsovertuiging en religie is uit den boze."
Oaren wiene krekt wat minder stellich: "Earst tocht ik nee, dat moat net. Mar doe't ik bylden seach fan hoe't dat yn Engelân giet, tocht ik dêr is eins neat mis mei." En: "De politie wil graag een afspiegeling van de samenleving zijn, dan moet dit dus kunnen. Het zijn paniekzaaiers die denken dat dit problemen oplevert."