Skoalle Ljouwert hat primeur mei eigen robot

Deputearre Sander de Rouwe oerlange freed op basisskoalle de Pionier yn Ljouwert in robot oan learkrêften en bern. It is offisjeel de earste robot op in Nederlânske skoalle, al hawwe in tal oare skoallen yn 'e provinsje ek al in robot.
De robot is in ûntwerp fan Philips en it ynnovaasjekluster Drachten, in groep fan high tech bedriuwen. Hy waard oant no ta brûkt foar klanten en beurzen. De Rouwe kaam by in besite oan Philips op it idee om de robot op skoalle te yntrodusearjen. Theun Prins fan de ynnovaasjekluster sjocht dat de technyk en de digitalisearring in hieltyd gruttere rol spylje sil yn de maatskippij. Troch bern der boartsjende wei mei yn oanrikking komme te litten krije se in better idee wat technyk is en wurde se der al op jonge leeftyd mei bekend.
De bern wiene bot ûnder de yndruk fan de nije robot en gongen der entoesiast mei oan de slach. De kommende tiid krije mear as 400 skoallen yn Fryslân sa'n selde robot en in lespakket. Nei alle gedachten sil it programma úteinlik oer hiel Nederlân útrôlle wurde.