Gjin ekstra huzen foar fergunninghâlders yn Achtkarspelen

De riedseal fan de gemeente Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Der komme gjin wenningen by foar fergunninghâlders yn de gemeente Achtkarspelen. Dat hat de gemeenteried tongersdeitejûn besletten nei oanlieding fan in moasje fan it CDA en de FNP. Der komme minder flechtlingen, wêrtroch't der gjin ferlet mear is fan ekstra wenningen. Achtkarspelen hat oant no ta 25 flechtlingen húsfeste. Dêrmei hat it de taakstelling foar de earste helte fan dit jier helle. Neffens Achtkarspelen sille ek de oare gemeenten yn Fryslân oan har taakstelling foldwaan kinne.