Ried Tytsjerksteradiel stiet hurdfarren yn takomst wer ta

Der mei yn de takomst wer hurd fearn wurde op de Burgumer Mar. De gemeenteried fan Tytsjersteradiel hat it foarstel om hurdfarren ta te litten op de Burgumer Mar oannaam mei fjirtjin stimmen foar en sân tsjin. VVD en CDA stimden ienriedich foar. PvdA en FNP binne ferdield yn de fraksje. Christen Unie en GrienLinks stimden tsjin.
It foarstel is in advys oan de provinsje. Dêr wurdt letter in beslút naam oer in eventuele beliedsoanpassing. Hurdfarren op de mar is no ferbean.