Wurdt hurdfarren op de Burgumer Mar wer tastien?

De ried fan Tytsjerksteradiel bûcht him tongersdeitejûn oer it hurdfarren op de Burgumer Mar. Foarstanners wolle graach in 'hurdfargebiet' oan de eastkant fan de Burgumer Mar ynrjochtsje. Sûnt 2003 is it hurdfarren op de Burgumer Mar net mear tastien. De doarpsbelangen fan Eastermar en Jistrum-Skûlenboarch stelden earder krityske fragen. Jistrum leit noardeastlik fan it hurdfargebiet en de ynwenners wolle graach in ûndersyk nei it lûd dat flugge motorboaten meitsje.
De tsjinstanners sizze dat de gemeente Tytsjerksteradiel gjin goed belied hat foar ûntwikkeling fan de wettersport foar meardere doelgroepen. Der soe gjin 'ienduidige' koers wêze, sa sizze se. Undernimmers binne júst wiis mei de plannen, sy sizze dat it in kâns biedt om de toerist wer nei de Burgumer Mar te lûken.
Foarstanners hawwe yntusken mear as 150 hantekeningen sammele. Se wolle de polityk dêrmei bewege om grien ljocht te jaan foar it hurdfargebiet.