Plysje rôlet himpkwekerij yn Ljouwert op
De plysje hat tongersdei yn in hûs oan de Jan van de Capellestrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij ûntdutsen. Yn it hûs wienen trije romten mei in ynstallaasje mei yn totaal 357 planten. De stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape.
Der is in 40-jierrige fertochte oanhâlden. De plysje hat de himp en de apparatuer yn beslach naam en ferneatige.