Miljoenen euro's ekstra foar Kulturele Haadstêd

De provinsje en de gemeente Ljouwert wolle yn totaal goed 7.550.000 euro ekstra stekke yn Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd. Sûnder dat ekstra jild kinne de doelstellingen fan it projekt net helle wurde, sa sizze de provinsje en de gemeente Ljouwert. Provinsje en gemeente moatte ta de bûse omdat der minder jild binnen komt as dêr't yn it foar op rekkene wie. Der kin ek net mear besunige wurde op de programmearring fan Kulturele Haadstêd 2018. Dat waard tongersdeitemiddei dúdlik op de parsekonferinsje oer Kulturele Haadstêd, dy't live te folgjen wie by Omrop Fryslân.
It ekstra jild is bedoeld om de begrutting slutend te meitsjen, om it programma fan Kulturele Haadstêd mear oan te priizgjen en om der foar te soargjen dat Ljouwert en Fryslân nei 2018 ek noch profyt hawwe fan wat Kulturele Haadstêd brocht hat. In part fan it jild giet yn in waarboarchfûns om ôffallers en risiko's op te fangen.
Oername regy
De provinsje en de gemeente Ljouwert nimme de kommende tiid fan guon ûnderdielen fan Kulturele Haadstêd de regy oer. Sa nimt de provinsje de ferantwurdlikheid oer foar de útfiering fan it projekt 11Fountains. De gemeente Ljouwert wurdt ferantwurdlik foar it projekt Giant Steps, wêrby't reuzepoppen in tocht troch Fryslân meitsje. Provinsje en gemeente sille har ek mear bemuoie mei it werven fan sponsors en fûnsen.
Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert: "Tegearre mei de provinsje nimme wy ús ferantwurdlikheid. Dy ynspanningen leverje wy mei it each op in suksesfolle programmearring, de legacy én de útstrieling fan stêd en regio yn en nei 2018." John Bonnema, finansjeel direkteur fan Kulturele Haadstêd: "LF2018 zit nu in een belangrijke fase. Wij zijn daarom zeer ingenomen met deze voorstellen van de colleges van provincie en gemeente. Hiermee zetten wij een belangrijke stap naar een bijzonder en betekenisvol jaar én een stevige legacy.''
De provinsje en de gemeente Ljouwert wolle yn totaal goed 7.550.000 euro ekstra stekke yn Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd.