Stik asfalt Lauwersmardyk mei súkses ferpleatst

Wetterskip Fryslân hat tongersdei foar de tredde besocht om in stik asfalt út de Lauwersmardyk te heljen en dat is slagge. De dyk foldocht net mear oan de feiligenseasken en der moat ûndersocht wurde wat foar ynfloed de golven hân ha op de dyk. Twa kear earder waard al besocht om in stik asfalt fan acht meter lang en in heale meter breed yn ien kear út de dyk te heljen, mar twa kear mislearre dit omdat it yn stikken bruts.
Undersyk
Yn totaal wurde der tsien stroken asfalt út de dyk helle, dizze wike fiif en oer in pear wiken nochris fiif. De stikken wurde yn Delft ûndersocht op hoe't it asfalt ferbettere wurde kin en oft de dykfersterking goedkeaper kin. De resultaten wurde ein septimber bekend makke. It ûndersyk kostet 2,6 miljoen euro en wurdt folslein fergoede troch it lanlik heechwetterbeskermingsprogramma.