FIDEO: 3D kuier troch it nije gemeentehûs fan Waadhoeke

18 maaie 2017 - 13:05

Benijd hoe't it nije gemeentehûs fan de takomstige fúzjegemeente Waadhoeke derút komt te sjen? Omwenners en ynteressearden kinne nije wike tiisdei 23 maaie binnen sjen yn it nije gemeentehûs yn Frjentsjer. Minsken dy't sa lang net wachtsje wolle, kinne no alfêst in 3D kuier troch it gebou meitsje.

Ynkoarten komt der in webcam yn de sintrale hal fan it gemeentehûs te hingjen, sadat eltsenien de ferbou folgje kin. It gebou wurdt op 1 jannewaris 2018 yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Waadhoeke gemeentehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)