Tanimmende fraach nei bedriuwsromte by Dokkum

17 maaie 2017 - 22:14

De oanlis fan de Sintrale As hat der foar soarge dat de gemeente Dongeradiel in tredde grut bedriuweterrein iepenje wol. It giet om it Betterwird-gebiet, oan de râne fan Dokkum. De gemeente docht dat fanwege de tanimmende fraach nei plakken dêr't bedriuwen har fêstigje kinne.

Tredde útwreiding

Woansdeitemiddei waard de útwreiding fan de twadde faze fan it plan iepene. Dy is 6 bunder grut. Yn 2014 waard de earste faze fan it plan oan de noardkant al realisearre. "Mar de fraach is sa grut, alle plakken binne no al hast fersein. Derôm moat der in tredde útwreiding komme", seit wethâlder Pieter Braaksma. "It hinget fan de grutte fan de bedriuwen ôf hoefolle bedriuwen wy hjir dan kwyt kinne."

Gjin ferrassing

Nettsjinsteande de krimp en it idee fan guon ûndernimmers dat bedriuwen júst fuortlûke út it noardeasten fan Fryslân, ferrast de tanimmende fraach nei bedriuweterreinen de gemeente Dongeradiel net. "It fernuvert ús net. De oanlis fan de As hat bydroegen, mar ek in stikje betrouwen yn de ekonomy. Der is wer ekspânsje", beslút Braaksma. 

It folsleine bedriuweterrein Betterwird is 75 bunder grut, Fortuin Suikerwerken, de Dokkumer Vlaggencentrale en Probosign binne der ûnder oare fêstige. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)