Aaien tsjerkûle Baukje binne útkaam; hoe moatte se hjitte?

It Fryske Gea docht in oprop om nammen yn te stjoeren foar de tsjerkûltsjes dy't yn Earnewâld berne binne. Tsjerkûle Baukje har earste aaien binne útkaam. Se hat dizze maitiid seis aaien lein yn in nêstkast foar ûlen yn Earnewâld, en trije dêrfan binne al útkaam.
It Fryske Gea hat de ûltsjes noch gjin namme jûn en freget minsken dy't dat leuk fine om in namme te betinken. De sugestjes kinne fia de webside fan It Fryske Gea ynstjoerd wurde.
Webcam
Yn de nêstkast fan de ûlen hinget in webcam. De bylden fan Baukje en har aaien en pykjes binne fia in livestream te besjen. Ek yn it besikerssintrum fan It Fryske Gea is it broedproses te folgjen.