Reizgers yn bus 66 kinne mei app alles oer omkriten leare

17 maaie 2017 - 12:55

De app Bus Fol Ferhalen is woansdei lansearre. Mei de app, dy't aktyf is op de busline 66 tusken Ljouwert en de Holwerter pier, kinne reizgers ûnderweis nijsgjirrige ferhalen oer de omkriten, persoanen, gebouwen en de skiednis lêze fan Noardeast-Fryslân. De app wurket mei in GPS-systeem en der sitte sa'n tweintich ferhalen yn oer ûnder oare de Achmeatoer, Fries Museum, de Pannenkoektrein, Hans Jouta, Waling Dykstra en de rêding fan de hynders by Noarderleech. Ek binne filmkes te sjen út it argyf fan Omrop Fryslân.

It is perfoarst net inkeld bedoeld foar toeristen, mar kin ek nijsgjirrich wêze foar de Friezen sels. "Fryslân hat in soad dingen dêr't we mei syn allen net bewust fan binne en dizze app makket ús dêr wol attint op," seit Anne Hettinga, direkteur fan Arriva. Sa út en troch wurdt de app fernijd en komme der nije ferhalen en filmkes op.

De app is ûntwikkele troch de provinsje en Arriva yn gearwurking mei Omrop Fryslân en Tresoar en is te finen yn de App Store.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)