KPN hellet Omrop Fryslân út lanlik pakket

Omrop Fryslân telefyzje is fan begjin july ôf yn grutte parten fan Nederlân net mear te sjen by KPN. De regionale stjoerders wurde troch KPN út it pakket helle. Allinnich yn buorprovinsjes is de Omrop dan noch te sjen. Direkteur Jan Koster fynt it in tige spitich beslút en wol mei KPN yn petear.
Neffens Koster hat Omrop Fryslân in streekje foar fanwege de Fryske taal en binne Friezen om utens folle mear belutsen by de Omrop as ynwenners om utens fan oare provinsjes. Hy wol ek kontakt opnimme mei it ministearje fan OCW oer de plannen fan KPN en ek de provinsje Fryslân sil ynljochte wurde. Oft dat wat opsmite sil is mar de fraach, want KPN is in private ynstelling dy't sels bepale mei wat se yn har pakket docht.
Der komme al reaksjes fan sjoggers om utens dat se it hiel ferfelend fine dat Omrop Fryslân aanst net mear te sjen is. It oerkoepeljend orgaan fan de regionale Omroppen (ROOS) seit ek dat it spitich is dat KPN de regionale stjoerders út it pakket hellet, mar makket der fierder net in grut probleem fan. It skeelt ek yn de kosten seit direkteur Gerard Schuiteman fan ROOS. Jan Koster is dêr fernuvere oer en seit dat de kosten net opwage tsjin it nut fan in lanlike dekking fan regionale stjoerders.
Skriftlike reaksje KPN: Wij hebben ervoor gekozen om per 4 juli 2017 alleen het wettelijke uitzendgebied voor de regionale omroepen te hanteren. KPN voldoet hiermee aan de must carry verplichting uit de mediawet. De regionale zenders zijn dan niet alleen in de eigen regio, maar ook in de omliggende regio's te bekijken. De regionale omroepen zijn via andere media steeds beter en breder beschikbaar, met als gevolg dat ook KPN ziet dat het aantal kijkers van de regionale omroepen in de afgelopen jaren steeds sterker daalt.