NAM moat mei in better gaswinrapport It Amelân komme

As de NAM foar 31 oktober net mei in bettere stúdzje nei de gefolgen fan de gaswinning by It Amelân komt, moat de NAM in twangsom fan 500.000 euro yn de wike betelje mei in maksimum fan trije miljoen euro. Dat hat it Staatstoezicht op de Mijnen besletten. Eins hie der al lang in goed rapport wêze moatten. Dêrom hat de Waadferiening earder al om hânhavening frege, mar dêr gong it Staatstoezicht doe noch net yn mei.
Der is úteinlik wol in rapport ynlevere troch de NAM. Mar dat ûndersyk is net goed genôch en jout net in goed sicht op de gefolgen fan de gaswinning op de boaiemdelgong. Staatstoezicht hat seis punten fûn wêrop it NAM-rapport tekoart sjit.
It giet om in foarnommen beslút fan it Staatstoezicht, de NAM kin hjir earst noch op reagearje foardat it definityf wurdt. Der wurdt al 30 jier gas wûn oan de noardkant fan It Amelân. It gasfjild is no sa goed as leech.