Spesjaal ljochtplan Ljouwerter strjitten mei KH2018

Waachplein yn Ljouwert
De gemeente Ljouwert lûkt 350.000 euro út foar in ljochtplan foar de binnenstêd. it giet dan om de strjitten dêr't takom jier by Kulturele Haadstêd de measte minsken ferwachte wurde, lykas de Prins Hendrikstrjitte, it Ruterskertier en it Waachplein. Der is ferbining socht mei oare ljochtplannen, lykas dy fan it stasjonsgebiet en it Saailân.
Foar elke strjitte is in ynventarisaasje makke en besjoen hoe't it der oerdeis en nachts útsjocht. De ferljochting moat de neidruk lizze op it karakter fan de strjitte, bygelyks oft in útgeansgebiet is of in strjitte mei histoaryske gebouwen. De gemeenteried moat him noch útsprekke oer it plan.