Undersyk nei muzykûnderwiis bûten skoallen om

Muzykles by De Meldij yn Drachten (argyffoto) © Omrop Fryslân
De Stichting Keunstwurk docht opnij ûndersyk nei it muzykûnderwiis yn Fryslân. Twa jier lyn hawwe se dat ek dien, mar omdat der sûnt dy tiid in soad feroare is, dogge se it no wer. It muzykûnderwiis op skoallen is wol goed regele. In soad bern komme op skoalle yn de kunde mei muzykles. Mar nei skoalle is dat net goed mear regele, omdat in hiel soad gemeenten de subsydzje ferlege of sels ôfskaft hawwe. Keunstwurk wol útsykje hoe't dat krekt sit.
Mei de resultaten fan it ûndersyk wolle se besykje om foar de hiele provinsje de betingsten foar muzykûnderwiis te ferbetterjen, sadat foar alle bern muzykles tagonklik wurdt.