VVD Ljouwert foarsichtich mei ekstra bydrage oan KH2018

De VVD yn Ljouwert stiet hoeden foar in ekstra finansjele bydrage oer oan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Dat sei de nije listlûker fan de liberalen, Serge Hollander, tiisdei yn It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje. Neffens berjochten soene Ljouwert en de provinsje trije miljoen ekstra op it kleed lizze moatte fanwege finansjele problemen by de organisaasje. Hollander wol der noch near oer sizze om't se de berjochten net befêstige krigen hawwe. Oan de oare kant seit de VVD Ljouwert ek net spikerhurd 'nee' tsjin ekstra subsydzje as der echt jild te min in."Je moet er wel voor gaan."
Hollander seit fierders dat de VVD Ljouwert by de kommende riedsferkiezings foaral ynsette wol op wurkgelegenheid. Banen binne it spearpunt. De ûndernimmer moat fan de gemeente folle mear romte krije.