Provinsjale subsydzje foar game oer Oera Lindaboek

De provinsje lûkt goed 140.000 euro út foar de ûntwikkeling fan in kompjûterspultsje oer it ferneamde Oera Lindaboek. It spul moat fergees beskikber wêze foar smartphones. Doel is om it ek foar it ûnderwiis brûkber te meitsjen. Sa wol de provinsje de Fryske taal en skiednis by bern en jongerein ûnder de oandacht bringe.
It spultsje wurdt makke troch de Grendel Games foar de Afûk. It is basearre op it 19e iuwske Oera Linda-boek. Dêryn wurdt de skiednis fan de Friezen beskreaun. Lange tiid waard tocht dat it boek hiel âld wie en dat it autentyk wie. Mar letter kaam oan it ljocht dat it om in ferfalsking giet, nei alle gedachten skreaun troch dichter Piet Paaltjens. It spultsje moat yn 2018 op de merk komme.