Supermerkeigener Dokkum wol ek mei de feestdagen iepen

Supermerkeigener Titus Vogt fan de Jumbo yn Dokkum wol dat er de winkel 365 dagen yn it jier iepen hawwe mei. Twa jier lyn hat er tastimming krigen om op snein de winkeldoarren te iepenjen, mar op peaskesnein, pinkstersnein, earste krystdei en nijjiersdei mei dat net. Vogt sil kommende tongersdei in pleidoai hâlde by de gemeenteried foar in nije ferromming fan de iepeningstiden. Neffens him kin Dokkum net achterbliuwe omdat oare gemeenten, lykas buorgemeente Kollumerlân it ek al docht.
Esther Hanemaaijer fan it CDA seit dat har partij de ferromming fan de iepeningstiden trochskoot nei takom jier. De nije gemeenteried moat dêr dan mar oer beslute.