Tefredenheid oer bus- en treinferfier, mar minder yntsjeks

16 maaie 2017 - 17:55

Friezen wurdearje it iepenbier ferfier mei in 7,6 en dat is in heger sifer as it lanlik trochsneed. De provinsje hat oer 2016 ûndersyk dien nei de klanttefredens. Dêr docht út bliken dat benammen op de Waadeilannen de reizgers tefreden binne. Op alle Waadeilannen komt it ferfier út boppe de acht.

In ôffaller is, neffens de provinsje, wol dat it tal minsken dat de bus of trein nimt yn Fryslân net folle tanaam is. It tal minsken dat mei in OV-chipkaart yntsjekte, naam sels ôf. Yn 2016 tsjekten 15 miljoen passazjiers yn. Dat is goed in persint minder as yn 2015.

Trefwurden: 
iepenbier ferfier bus trein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)