Wurkstraf foar feroarsaker deadlik ûngelok Nijlemmer

De helptsjinsten by it trekkerûngelok by Nijlemmer © PEEM-media
In man út Wolvegea dy't oardel jier lyn in deadlik ûngelok feroarsake yn Nijlemmer, hat in wurkstraf fan 240 oeren krigen. De man ried op in wein mei twa pakken hea derop, wêrtroch't er min sicht hie. Sa ried hy in echtpear út Wolvegea oan, wêrfan't de man om it libben kaam.
Der wie in jier sel eakse tsjin de fertochte, fanwege roekeleas riden. De rjochter fûn dy kwalifikaasje te bot en feroardiele de man fanwege bot ûnfoarsichtich riden. Dêr stiet in legere straf op. Omdat de fertochte o sa'n spyt hat, wie de rjochter myld yn syn oardiel. Hij lei wol in rydûntsizzing fan twa jier op.