Selstraf easke tsjin Feanster foar ûntucht mei bern

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 33-jierrige man fan It Hearrenfean is moandei in selstraf ûnder betingst easke foar ûntucht. De man soe him yn 2014 en 2015 fergrepen hawwe oan de bern fan syn styfsuster. Tolve jier lyn waard de man ek al ris feroardiele foar inselde fergryp. Doe moast er in jier de sel yn.
De offisier fan justysje easke in selstraf lyk oan it foararrest, plus trije moanne ûnder betingst. Dêrneist soe er ûnder tafersjoch fan de reklassearring komme moatte. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.