Spesjale oerstapcoaches moatte skoalútfal tsjingean

Mei saneamde oerstapcoaches wolle sân gemeenten yn de Fryske Wâlden skoalútfal tsjingean. De coaches moatte de bern it paad wize as se nei in oare skoalle gean, of as se foar it earst oan it wurk gean.
Yn totaal komme der fjouwer oerstapcoaches oan it wurk, yn de gemeenten Achtkarspelen, Hearrenfean, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Weststellingwerf.