Wat wurdt it meast duorsume projekt fan Fryslân?

De sinnepanielen op Thialf, de elektryske sloepen fan Happy Whale, it griene gas út Jelsum, it snipperhout út Ljouwert en noch folle mear projekten meitsje kâns op de titel 'meast duorsume projekt fan Fryslân'. It giet om in inisjatyf fan it Fûns Skjinne Fryske Enerzjy (FSFE). Dat fûns stimulearret, mei jild fan de provinsje, projekten op it mêd fan duorsume enerzjy en enerzjybesparring. In grut ferskaat oan inisjativen is nominearre, wêrûnder ek EKON Slappeterp. Dat is in lytse Fryske enerzjykoöperaasje mei sinnepanielen op twa jirpelloadsen by Slappeterp.
In hiele oar projekt spilet op Skylge: it projekt Watt Car. Op it eilân stean fyftich elektryske auto's klear dy't fia in app per minút hierd wurde kinne. Ek it plak dêr't se stean, is te finen op de app. De organisaasje hat de ambysje om it projekt fierder út te rôljen. ''Ljouwert 2018 is in moai evenemint om yn de hiele provinsje auto's beskikber te hawwen foar de gasten", sa seit Anne-Tjeerd Haaima fan Watt Car. Tongersdei wurdt bekend wa't de priis 'Het koperen oliekannetje' wint.