De Fryske Marren komt mei partisipaasjekursus statushâlders

15 maaie 2017 - 18:15

Fiifentweintich statushâlders út de gemeente De Fryske Marren hawwe moandeitemiddei har hantekening set ûnder in partisipaasjeferklearring. Dêrmei ferklearje se de wearden en spulregels fan Nederlân te respektearjen. It ûndertekenjen fan de ferklearring is in wetlike ferplichting. Nij is dat De Fryske Marren der in kursus fan tsien heale dagen foar de statushâlders oan ferbûn hat. Wethâlder Janny Schouwerwou fan De Fryske Marren wie moandeitemiddei by de ûndertekening.

''Hoe wij in Nederland met elkaar omgaan, daar gaat het over'', sa fertelt wethâlder Schouwerwou. ''Het is belangrijk dat we de dialoog met elkaar aangaan. Hoe zorgen statushouders dat ze de 'vreemde Nederlanders' begrijpen, en hoe kunnen Nederlanders de statushouders begrijpen.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)