Harnzer (19) feroardiele foar fernieling fan auto

Rjochter © Omrop Fryslân
In 19-jierrige Harnzer is moandei feroardiele ta 40 oeren wurkstraf ûnder betingst foar it fernielen fan in auto. Yn jannewaris smiet de man mei tsientallen oare jongeren stiennen nei in auto oan de Westerseedyk. De groep jongeren wie op syk nei in ûnderstelde pedofyl. Mei sjaals oer harren gesichten en mei stiennen yn de hân rûnen se troch de stêd. De bestjoerder fan de auto dy't bekûgele waard, hie der neat mei te meitsjen.
Dy dei waarden fiif fertochten oanhâlden, wêrûnder de 19-jierrige Harnzer. Dy sil ûnder tafersjoch fan de reklassearring komme. De skea oan de auto, goed 1.800 euro, moat betelle wurde troch de man en de oare fertochten.